dinsdag 31 januari 2017

Fergetten (Frysk) - Vergeten (N)


Fergetten                   
(gedachten aan de holocaust)         
Har eagen, went oan't stoarjen
sjogge troch 't besleine finster
wêrefter neat ferweecht, ferwege sil
mei hope, oan't fertoarjen

Wreed, har tinzen, hoe't it doe wie
Samar helle, moarns betiid
Der wie gjin tiid, sa ûnferwacht
om't rjochtsgefoel gjin kompromissen hie

Neitinzen no jouwe nea gjin treast
't Wie tefolle doe, sa folle mear
Yn dize ferdwûn, út 't libben skuord
Syn antlid, nee dat kriget hja net mear foar de geast.....

Vergeten...
Haar ogen, het staren gewend
kijken door het beslagen venster
waarachter niets beweegt, bewegen zal
met alle hoop, totaal verdord

Wreed, haar gedachten, hoe het toen was
zomaar, opgepakt, 's morgens vroeg
Er was geen tijd, zo onverwacht
omdat een rechtsgevoel geen compromissen kent

Herinneringen nu geven geen enkele troost
het was teveel, toen, zoveel teveel
In de nevelen verdwenen, uit het leven gerukt
Zijn gezicht, nee dat kan ze zich niet meer voor de geest halen

zaterdag 28 januari 2017

Febrewaris -Tanka (Frysk en Ned.)

Ik sjoch nei boppe
En húverje fan de kjeld
Op nei hûs werom
Ach….eachstrieljende skientme
‘t leafst naam ik dy daliks mei……

Ik kijk naar omhoog
De kou doet mij huiveren
Keer terug naar huis
Ach...oogstrelende schoonheid
Kon ik je maar meenemen......

vrijdag 17 juni 2016

Efkes buten (Frysk)

Efkes bûten                                 
strûken wjerkeatse it skynsel
fan lampeljocht
dat in trochpaad siket
yn in spjalt fan 't tsjuster

piizjend reine drippen
út loften dy't
har stimmen
smeie ta in driigjend lûd

in rook, in sacht swymke
fan goedkeap rûkersguod
sweeft omtrint ûnopfallend
troch mei smoarch ljocht
beklieme strjitten

it brûnzen lûd
fan 'e tsjerketoer
bestivet de stilte
as dy syn oeren slacht

ik stean yn in kjeld
dy't my oerfalt en twingt
yn dizenigens dat net wit
wêr’t it op wachtet

woensdag 15 juni 2016

Underweis (Frysk)

Underweis                              
kom freonen lit ús drinke
moarn dan is de flesse leech
en de wrâld in doedelsek

sjoch net op in oerke
net watsto mei wa dochst
kom lit ús laitsje om de spoken
fan eare, gewisse en fan rjocht

moarn?
wer frjemden
nei itselde ûnderweis

Op dy (Frysk) - Op jou (Ned)

Op dy                                     
yn it rút
blaas ik in finster
alles wyt
en kâld derbûten

desimberwrâld
lûkt oan tsjuster
sulver skittert
izich del

ik wachtsje
mei de waarmte
en blommen
fan glês


Op jou
op het raam
blaas ik een venster
alles wit
en koud daarbuiten

decemberwereld
neemt de duisternis
zilvergeklater
ijst neer

ik wacht
met warmte
en bloemen
van glas

vrijdag 12 april 2013

Sjans (Fr.) - Contact (Eng.)

Sjans?
Ljocht op read
ronkjend stiel en tsjel
stegert tsjin it wachtsjen op
reekplom ploft út pipe
yn de drokte útinoar

rjochts giet earst
lofts flokt njirrich
yn 'e leechte
fan de oare kant
it plak fan dêr
wêr't haast
en ûngeduerigens
de needsaak en
syn sin ferliest

grien, o grien
fan gers en 't ljocht
wêr't ik op wachtsje
ik sjoch oersiden
en o wûnder, ja
se laket wier nei mij

Contact
Red traffic light
throbbing steel and wheel
jumping while waiting
smoke from pipe
explodes in the air

First right hand side,
left hand side curses
in the empty space
of the other side
The place over there
where hurry and
impatience lost
its need and target

Green oh green
of the grass and light
where I’m waiting for.
I look aside
and yes, yes
she smiles at me!




donderdag 20 september 2012

Katterich (F) - Hangover (Eng)

Katterich

de moanne laket
laket nei myn kat
in sêft en skrutel skowen
troch de daksgoate

de moanne laket
ljocht falt op myn lege flesse
ôfgryslik bûnzjen
op it waarme kessen

de nacht rekket op
in jammerjende kat
troch de daksgoate
rot kat!

de sinne laket
twa lege flessen
tûzen katten yn ‘e plasse

de sinne laket
de doar fiert iepen
myn kat


Hangover,

the moon is laughing
laughing at my cat
soft and anxious scurrying
on the rooftop

the moon is laughing
light falls on my empty bottle
horrible pounding
on my warm pillow

the night is off
a moaning cat
on the rooftop
miserable cat!

the sun is laughing
two empty bottles
a thousand cats in my poor head

the sun is laughing
the door opens up
my cat!!!!