vrijdag 17 juni 2016

Efkes buten (Frysk)

Efkes bûten                                 
strûken wjerkeatse it skynsel
fan lampeljocht
dat in trochpaad siket
yn in spjalt fan 't tsjuster

piizjend reine drippen
út loften dy't
har stimmen
smeie ta in driigjend lûd

in rook, in sacht swymke
fan goedkeap rûkersguod
sweeft omtrint ûnopfallend
troch mei smoarch ljocht
beklieme strjitten

it brûnzen lûd
fan 'e tsjerketoer
bestivet de stilte
as dy syn oeren slacht

ik stean yn in kjeld
dy't my oerfalt en twingt
yn dizenigens dat net wit
wêr’t it op wachtet

woensdag 15 juni 2016

Underweis (Frysk)

Underweis                              
kom freonen lit ús drinke
moarn dan is de flesse leech
en de wrâld in doedelsek

sjoch net op in oerke
net watsto mei wa dochst
kom lit ús laitsje om de spoken
fan eare, gewisse en fan rjocht

moarn?
wer frjemden
nei itselde ûnderweis

Op dy (Frysk) - Op jou (Ned)

Op dy                                     
yn it rút
blaas ik in finster
alles wyt
en kâld derbûten

desimberwrâld
lûkt oan tsjuster
sulver skittert
izich del

ik wachtsje
mei de waarmte
en blommen
fan glês


Op jou
op het raam
blaas ik een venster
alles wit
en koud daarbuiten

decemberwereld
neemt de duisternis
zilvergeklater
ijst neer

ik wacht
met warmte
en bloemen
van glas