dinsdag 1 mei 2018

Ljocht (Frysk)

Ljocht    (Frysk)
Krantefreugde,
papieren dea
Yn eagen ticht
lêst men net
Griemend smoarch
fan tinzen stekt
yn fielen hurd
fan swijen

Stadich drippend fenyn
raast oer stilte
dy’t it hjoed bepaalt
Foto, gûlend ea
tekstkolom fol wurden
Byld, dat sels wol sprekt
mei mûle fan syn eigen taal

Geuren, smaak fan kofje,
waarm en fet gebak
Genot, fier geand foar
‘t djippe swart fan heden
Lit my dochs
yn’ t swiete juster,
want dêr fyn ik fêst myn ljocht…