zaterdag 13 oktober 2018

Caro Cardo Salutis (Frysk & Nederlands)


Caro Cardo Salutis (Frysk)
(Caro Cardo Salutis: “It fleis is ‘t skarnier fan it heil. 
Der is gjin heil, genêzing en ferlossing bûten it fleis.” -TERRULLIANUS-)

Lakest my oan
dyn lippen read
wurde reader
Ik werom,
folle reader
myn holle

Printen op it glês
noch healfol
Reek kringelet
omheech, stadich
Hoe soe ’t wêze
mei dy allinne?

Moarn bist der wer,
itselde plak
Dyn lippen read
en ik...
tige grutsk
Neist dy,
tegearre


Caro Cardo Salutis (Nederl)
(Caro Cardo Salutis: “Het vlees is het deurscharnier van de heil. Er is geen heil, genezing en verlossing buiten het vlees om.” -TERTULLIANUS-)

Je lacht naar mij
je lippen rood
worden roder
Ik terug,
nog roder
mijn gezicht

Afdruk op je glas
slechts halfvol
Rook kringelt
omhoog, langzaam
Hoe zou het zijn
alleen met jou?

Morgen ben je er weer
dezelfde plek
Je lippen rood
en ik…
behoorlijk trots
Naast jou,
samen

dinsdag 5 juni 2018

Ungetiid (Frysk) - Hooitijd (Ned)

Ungetiid
Waarme wyn waait oer it fjild mei dizenige flarden
dy’t my ’t sicht ûntnimme op in net besteande kym
Ljochtsjend tonger laket ûnfoech om myn mankelyk
moed en skoddet myn dreamen trochinoar.

Fan ea, fan lang ferlyn doe’t de tonger mei har mistyk
en geheimen it byld bepaalden fan it âlde folk.
De heamantsjes, de túnkers, boeren en harren fee,
Froulju mei brea mei tsiis en hite tee brochten fleur yn ûngetiid.

De rook fan waarm hea en blom, swit en kowestront
makke minsken dwaas. De oppers op it meande lân ferstoppe
feint en faam yn in hertstochtlik spul omearme.

Ach, ‘t wie ûngetiid, en dochs sa lang ferlyn Mar noch altyd
slacht de tonger oer de greiden wêr’t myn libben doe tusken
hea en gers syn alderearste oarsprong fûn…













Lofts: etiket fan it bier "Ungetiid" mei in diel fan it fers "ungetiid" 
Rjochts: It hearlikste bierke dat der is:
 "Ungetiid" fan De Kroon op Leeuwarden.



Hooitijd

Warme wind waait over een akker met flarden mist
die mij het zicht ontnemen op een niet bestaande horizon.
Lichtende donder lacht gemeen om mijn melancholiek
gestel en schudt mijn dromen door elkaar

Van ooit, van lang geleden toen het onweer met haar mystiek
en geheimen het beeld van het oude volk bepaalden.
De hooimannetjes, de tuinders, boeren en hun vee
Vrouwen met broodjes kaas en hete thee brachten hooitijdvertier .

De geur van warm hooi en bloemen, zweet en koeienstront
maakte mensen dwaas. De oppers op de gemaaide akker verhulden
jongen en meisje in hartstochtelijk spel omarmd.

Ach, een hooitijd van erg lang geleden. Maar nog steeds
slaat de donder over de velden waar mijn leven in beginsel
tussen hooi en gras zijn oorsprong vond.

dinsdag 1 mei 2018

Ljocht (Frysk)

Ljocht    (Frysk)
Krantefreugde,
papieren dea
Yn eagen ticht
lêst men net
Griemend smoarch
fan tinzen stekt
yn fielen hurd
fan swijen

Stadich drippend fenyn
raast oer stilte
dy’t it hjoed bepaalt
Foto, gûlend ea
tekstkolom fol wurden
Byld, dat sels wol sprekt
mei mûle fan syn eigen taal

Geuren, smaak fan kofje,
waarm en fet gebak
Genot, fier geand foar
‘t djippe swart fan heden
Lit my dochs
yn’ t swiete juster,
want dêr fyn ik fêst myn ljocht…