Divers - Ferskaat

dinsdag 19 januari 2021

Omrin (Frysk) - Kringloop (Ned)

Omrin                                     
Gammele kistekroade, rattelje
oer grind, âlde tûken en
myn drôve siele

't útstrutsen smoelwurk
fan de drager en
it geknars fan
tsjel op stien, op stien
makket my hellich

ferline jier
doe laken wy
ieten wy
tegearre

no,
rin ik
mei in hiele kloft
nei't plak wêr't ik
dy nea wer sjoch
de dea wer sjoch
en do?
do witst fan neat fansels

Kringloop
Gammele baar, rammel
over grind, oude takken
en mijn bedroefde ziel

het uitgestreken smoel
van de drager en
het geknars van
wiel op steen, op steen
maakt me razend

verleden jaar
lachten we
aten we
samen

nu
loop ik
met de hele groep
naar een plek waar ik
jou nooit weer zie
de dood weer aanschouw
en jij?
Jij weet natuurlijk van niets....


Geen opmerkingen:

Een reactie posten