Gjin tiid (Frysk).
De tiden, wiene doe sa oars
Dat sizze se, wylst se harren
gong wer geane.
It wiene dochs wol minne tiden.
Dat sizze se, wylst se dêr dan
stil by steane
Troch de tiid moat eltsenien
Oars of min, dat jout gjin bliksem.
Fleane, fleane, fleane.
Hastich dit, noch flugger dat
en oars de klok fersette.
Jachtsje, jage troch de tiid.
Jierren, dagen, oeren frette
Mar tiid is alles wat wy hawwe.
De iene mear, de oare minder.
Fynt net elk it 't selde plak
oan 'e ein fan alle oeren?
Is de tiid net ien swart gat,
ûndimber, einleas, net te stjoeren?
Troch de tiid gean is 't gefoel
jins greep op 't libben te behâlden.
Mar de wurklikheid is oars
klokken hawwe hiel gjin doel.
Tik, tik, 't is tiid, 't is tiid
Wêrfoar, it ein, begjin?
Soks komt fansels, ek sûnder klok,
tiid is der dochs altyd te min.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten